De Fryske útjouwers bringe meielkoar it Oekraynske printeboek Maia en har freonen belangeleas út yn it Frysk
It is it ferhaal oer Maia, har klasgenoaten en harren juf Julia. Dy leart de bern dat it net útmakket oftst yn in lyts gesin wennest of yn in grutte clan. Ast no wol of net ?echte? famylje bist. Hoefolle memmen of heiten ast hast. It wichtichste is om fan elkoar te hâlden en inoar te respektearjen. Dy wearde is hillich.
Dy wearde is wichtiger as oait no?t it wer oarloch is yn Europa en miljoenen bern en har âlden harren thúslân Oekraïne ferlitte moatte.
De opbringsten fan Maia en har freonen binne foar UNICEF-Oekraïne.
Leeftiid: 7+
Oersetting: Tialda Hoogeveen
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie :
68 pagina's
Met illustraties
EAN: 9789493159846
Afuk